Oane Galama bêste mêstklimmer

08 jul 2012 - 16:56

De 44e edysje fan it Frysk kampioenskip mêstklimmen yn Akkrum is sneon wûn troch Oane Galama fan It Heidenskip. Hy sette in tiid fan 7,74 sekonden op 'e klok en wie dêrmei in stik rapper as doarpsgenoat Hendrik Haanstra (11,81) en Geert Leystra (16,26) út Grou. By de froulju pakte Helen Lettinga fan Winsum de titel mei in tiid fan 22,20.

By de jonges oant en mei 16 jier gong de winst nei Hessel Haanstra út Warkum. Hy wie mei in tiid fan 12,98 in klasse apart. By de famkes pakte Mette Alkema yn har eigen wenplak de Fryske titel (21,81).

Trefwurden: 
Akkrum FK mêstklimmen
(advertinsje)