Aegonkantoar is no studintekompleks: 500 studinten kinne teplak

31 aug 2019 - 11:55

Yn ien jier tiid is it eardere Aegonkantoar yn Ljouwert ferboud ta in wenkompleks fan 500 studinten. Wylst de boufakkers, skilders en meubelleveransiers de lêste saken dienen, komme de studinten yn it gebou.

Aegonkantoar is no studintekompleks: 500 studinten kinne teplak

It is in trend yn Nederlân om kantoarpannen te ferbouwen ta studintehúsfesting, mar op dizze skaal is wol hiel unyk. Hjir giet it om likernôch 500 wenromtes. De kommende tiid wurdt noch drok wurke oan it dakterras en de binnentún.

"Ik heb er zin in, het is een mooie kamer, gemeubileerd en midden in het centrum. Alles is om de hoek, alles is nieuw en compleet," fertelt bewenner Sven de Boer. Ek Yvan Terveer is bliid. "Het is dichtbij het station, en je bent met veel andere studenten, daar zitten vast wel paar leuke bij."

Neffens Frank van Min, direkteur Wolf húsfestingsgroep, is der in soad fraach nei sokke keamers. "Het is mooi dat het zo snel verhuurd is."

Takom jier moat de benedenferdjipping klear wêze, dêr't ûnder oaren in sportskoalle yn komt en hoareka.

Foto: Arjen Bosselaar, Omrop Fryslân

Sven de Boer, bewenner, Frank van Min, direkteur Wolf húsfestingsgroep en Yvan Terveer, bewenner

(Advertinsje)
(Advertinsje)