Keramiekmuseum Princessehof fertelt ferhaal fan sonken skatten yn nije útstalling

31 aug 2019 - 11:47

Skatten út skipswrakken út de njoggende oant en mei de njoggentjinde iuw binne te sjen op de nije tentoanstelling Gezonken Schatten: geheimen van de Maritieme Zijderoute yn Keramiekmuseum Princessehof yn Ljouwert.

Foto: Princessehof, foto Maarten van der Wal

By de skatten sit neist keramyk ek oare foarwerpen dy't fûn binne oan board fan acht skipswrakken. Hûnderten brûklienen komme nei Ljouwert, ûnder oare út Koreä en Singapore. Mei de fynsten giet in ferburgen wrâld iepen fan ynternasjonale hannel en útwikseling.

De skippen dy't fergeane, lizze soms hûnderten jierren as tiidkapsule op de boaiem fan de see. Om't keramyk net fergiet, leveret it in skat oan ynformaasje op.

Femke Haijtema yn Op&Ut oer de útstalling

"Het is heel sprookjesachtig," fertelt Femke Haijtema fan it museum. "Je staat voor een vitrine met schaaltjes, en je weet dat die 500 jaar op bodem van de zee onder het zand hebben gelegen en dan nu in Leeuwarden zijn te zien."

Ut de opgraving fan in Arabysk skip út de 9e iuw hat bliken dien dat der doe al hannel wei mei Sina, tûzenen kilometers fierderop. "Met het opgraven van zo'n schip krijg je een schat aan informatie, de voorwerpen vertellen veel over die tijd. Er is natuurlijk weinig bewaard gebleven en veel vergaan zoals bemanning, hout, papier en textiel, maar keramiek blijft bewaard."

Komkes yn de netten

Soms wurdt in wrak tafallich ûntdutsen, lykas in skip by Koreä út de 14e iuw. "Een paar Koreaanse vissers haalden een voor een kommetjes in hun visnetten kregen. Toen zijn ze gaan duiken en toen bleek daar dus een schip te liggen uit de 14 eeuw met 60.000 stuks keramiek."

Ek binne tûzenen latsjes opdûkt. "Op die latjes staan nummers, dat was een soort administratie. Het was dus eigenlijk een hele professionele handel." Keramyk wie in hannelsprodukt dat yn Sina makke waard.

Flechtlingen

Yn in 19-iuwsk skip is 360.000 stiks porselein oantroffen. "We weten nu dat dat schip ook vluchtelingen herbergde. In China ging het niet goed in die tijd, iedereen was verslaafd aan de opium. Dat ging in het geheim met mensensmokkelaars. Het schip nam 1600 vluchtelingen mee, maar het schip zonk en er zijn 1400 mensen verdronken."

Gezonken Schatten: geheimen van de Maritieme Zijderoute is fan 7 septimber o/m 28 juny 2020 te sjen yn Keramiekmuseum Princessehof yn Ljouwert.

(advertinsje)
(advertinsje)