Proef om sâlt kwelwetter by akwadukten yn ûndergrûn te pompen

31 aug 2019 - 10:19

De provinsje, Rykswettersteat, de gemeente Ljouwert en Wetterskip Fryslân binne in proef begûn om sâlt wetter fuort te pompen by de akwadukten en fiadukten yn de Heak Om Ljouwert. It binne de plakken dêr't sâlt kwelwetter omheech komt. De dyk leit op it plak fan de âlde Middelsee. Dat soarget der no noch foar dat der sâlt wetter omheech komt.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

It kwelwetter wurdt no ôffierd fia de kanalen. Yn tiden fan drûchte is dat lykwols net winsklik. It wetter wurdt dan noch sâlter en dat is net goed foar de lânbou. Der wurdt no ûndersocht hoe't je dat wetter werompompe kinne yn de ûndergrûn wêr't it weikomt, seit Sjoerd Vrieswijk fan de provinsje. "Dêr komt it wei en koartsein: dêr heart it thús. De fraach is no allinnich hoe't je dat it bêste dwaan kinne."

Sa moat besjoen wurde hokker liedingen en pompen it bêste wurkje. Want net alle wetter is gelyk. Op ien plak komt izer mei omheech en op in oar plak swavel. Dat stelt oare easken oan de apparatuer dy't brûkt wurdt.

De proef kin rekkenje op in soad belangstelling. It sâlter wurden fan de grûn nimt allinnich mar ta. Vrieswijk: "Dêrom wolle je krekt foarkomme dat it wetter yn de boezem komt." It probleem docht him net allinnich by de Heak om Ljouwert foar. It giet om in gebiet dat rint oant Stiens en Snits. Dêr kin it sâlte kwelwetter folle minder maklik ôffierd wurde.

"Dan soene je oan buizen tinke moatte. De oanlis dêrfan en it ûnderhâld kostje in soad jild", seit Vrieswijk. Dat docht Rykswettersteat al by de sneldyk A4. Dy is foar in part ferdjippe oanlein. It sâlte kwelwetter wurdt no mei in parselieding ôffierd op de Noardsee.

Sjoerd Vrieswijk fan de provinsje

(advertinsje)
(advertinsje)