Oerlêst troch swiere buien

Swiere rein- en tongerbuien soargje op guon plakken yn de provinsje foar oerlêst. Oan it tichelwurk yn Makkum moast de brânwacht yn aksje komme. Yn dy strjitte is it rioel neffens guon bwenners net al te bêst. Der komt dan wetter yn de huzen of it hok. Dat is yn dy strjitte wol faker it gefal by swiere buien.
De buien kamen om in oere as triije út it suden wei de provinsje yn. Foaral it westen hat te krijen mei tige aktive buien.