Iepenloftspul Opsterlân: 'Animal Farm' yn De Himrik

31 aug 2019 - 10:12

De bisten op de pleats fan boer Wassenaar wolle mear te fretten hawwe en net langer opsletten wurde yn harren hokken. Se komme yn opstân en ferdriuwe de boer, dy't meast heal dronken oer it hiem stapt. It slagget de kij, bargen en oare bisten om de boer te ferdriuwen. Tiid foar harren ideale maatskippij, mar wa nimt dan de lieding oer en komt dat wol goed?

Troch: Froukje Sijtsma (ferslach) en Dirk Hofstede (kamera)

De Britske skriuwer George Orwell skreau yn 1945 yn de Twadde Wrâldoarloch syn roman 'Animal Farm', it orizjinele stik dêr't it iepenloftspul fan Opsterlân dit jier op basearre is.

"Het stuk gaat over een groep dieren op een boerderij, die het eigenlijk niet zo eens is met hoe ze leven. Ze hebben een hekel aan de boer en eigenlijk daarmee ook aan de mens in het algemeen. Ze besluiten die boerderij over te nemen en hun eigen maatschappij daarbinnen te creëren," fertelt regisseur Job de Roo fan iepenloftspul Opsterlân. Ek Eline de Vries docht rezjy.

De Fryske bewurking fan Animal Farm waard earder yn 1989 opfierd yn Wergea ûnder de namme 'Buorkjende Bisten.' De muzyk dy't der by skreaun is wurdt troch Opsterlân live op lokaasje útfierd troch Brassband De Spijkerpakkenband Opsterland e.o.

De bisten ferdriuwe de boer fan de pleats - Foto: Omrop Fryslân

De bisten komme yn opstân tsjin de boer en nimme de pleats oer. Wiebren Bantema (9) spilet ien fan de bargen yn it iepenloftspul. "De bargen nimme it dan oer, mar dat giet allegear ek net sa goed, want de bisten ûnderling binne it ek net altyd iens."

De twa bargen Napoleon en Sniebal gean dêrnei de striid oan om it liederskip. Napoleon wint dat by eintsjebeslút en Sniebal hat it neisjen. En sa't eltse lieder syn eigen doktrine hat, bart dat ek hjir op de Animal Farm. It animalisme, ofwol de regels fan de buorkerij moatte struktuer jaan oan it libben op de buorkerij, mar oft it dat ek opleveret?

Mear gelyk as de oar

"Je hawwe bisten en bisten, mar je hawwe ek oare bisten en dat binne de opperbisten. En dat binne wy," lizze de bargen Napoleon en Krûper (spile troch Hindrik Mulder en Tineke Nicolai) út. "Wy drinke whisky en smoke sigaren", leit Napoleon út. "En wy genietsje fan al it lekkere iten," follet syn helpke, baarch Krûper oan. "Wy binne de tûke tinkers fan de pleats, wy brûke ús harsens." Napoleon giet fierder: "Wy moatte alle bisten der ûnder hâlde en wa't net docht wat wy wolle, dy jeie wy gewoan fuort."

Famyljefoarstelling

Animal Farm is in famyljefoarstelling en dus geskikt foar jong en âld. Dochs sille de ferskillende doelgroepen der grif oars nei sjen, tinkt regisseur De Roo. "Het gaat natuurlijk heel erg over opstand en politiek. Toen het stuk werd geschreven, was dat vooral gefocust op de Sovjet-Unie en het communisme, We zijn heel erg op zoek gegaan naar de herkenbaarheid en situaties die daarin nu nog steeds kunnen plaatsvinden. Volwassenen begrijpen die tweede laag, maar ook voor kinderen zal dat heus wel duidelijk worden, al zullen ze dat niet misschien direct koppelen aan een Wilders bijvoorbeeld."

Animal Farm - Foto: Omrop Fryslân

Eigenlijk willen de dieren hun ultieme Utopia creëren.

Job de Roo, regisseur

"We willen er geen carnaval van maken"

De foarmjouwing fan it iepenloftspul fan Opsterlân is yn hannen fan Afke Manshanden. "Het stuk speelt zich in het begin af op een boerderij, maar dat verandert langzaam naar een fabriek. De dieren worden steeds meer uitgebuit en dat is ook duidelijk voelbaar in de vormgeving."

Utdaging is ek om akteurs dy't bisten spylje oan te klaaien. "Ik wilde er geen carnaval van maken, dus ik heb er voor gekozen om de acteurs met dierlijke kenmerken neer te zetten, maar het blijft wel duidelijk dat er mensen op het podium staan."

Bisten yn Utopia

"Eigenlijk willen de dieren hun ultieme Utopia creëren", fertelt De Roo. Oft dat slagget? "Ja, dat is natuurlijk de grote vraag of dat lukt, of dat überhaupt kan. Dat moeten mensen maar komen bekijken hier op locatie."

  • Sneon 7 septimber - premjêre
  • Woansdei 11 septimber
  • Freed 13 septimber
  • Sneon 14 septimber
  • Woansdei 18 septimber
  • Sneon 21 septimber
  • Woansdei 25 septimber
  • Tongersdei 26 septimber
  • Freed 27 septimber

De foarstellings fine plak op it terrein fan Speelbos Sparjebird op De Himrik en begjinne alle kearen om 20.00 oere.

Alles witte oer de iepenloftspullen yn Fryslân? Sjoch dan op de spesjale iepenloftspulside fan Omrop Fryslân. Hjir fynst filmkes, artikels en fansels praktyske ynformaasje oer de moaiste iepenloftspullen fan 2019.

(advertinsje)
(advertinsje)