Fototentoanstelling oer Ekokatedraal yn Museum Heerenveen

31 aug 2019 - 09:43

Museum Heerenveen bringt mei de fototentoanstelling 'Het is nooit af' in byld fan it yndrukwekkende projekt de Ekokatedraal yn Mildaam. It bouwurk is betocht troch Louis G. le Roy (1924 2012).

Foto: Museum Heerenveen

It lykje restanten fan in âlde beskaving, oerwoekere bouwurken besteande út mear as 20.000 ton bouôffal.

Yn 1966 krige Le Roy fan de gemeente Hearrenfean in stik plantsoen oan de Kennedylaan om syn ideeën oer arsjitektuer en natuer yn praktyk te bringen. Mar Le Roy woe grutter en kocht yn 1974 trije bunder grûn yn Mildaam en stichte syn Ekokatedraal, in bouwurk sûnder plan mei recycle materiaal, restôffal of guod út de natuer. Neffens him moat tûzen jier oan de ekokatedraal boud wurde, krekt as by midsiuwske katedralen.

Help mei

Elk mei meihelpe en dêrom freget Museum Heerenveen besikers in stien mei te nimmen. Dêrmei wurdt boud oan in museaal steapelelemint yn de styl fan Le Roy. Dat bouwurk sil op de bertedei fan Le Roy, 31 oktober, oanbean wurde oan Stichting Tijd.

De tentoanstelling is te sjen fan 7 septimber o/m 10 novimber.

(advertinsje)
(advertinsje)