Air Bios: films sjen midden yn in Ljouwerter park

31 aug 2019 - 08:54

It Dr. Zamenhofpark yn Ljouwert is foar in pear dagen omtsjoend ta in iepenloftbioskoop. Dit hiele wykein binne der ferskate films te sjen. It is in projekt fan Iepen Up en hat de namme Iepen Air Bios. De bioskoop moat minsken by elkoar bringe en se neitinke litte oer aktuele tema's.

In oere foar de film begûn waard it al drok yn it park - Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Foarich jier waard it ek al organisearre as ûnderdiel fan LF2018 en dat wie sa'n sukses dat de organisaasje der no in ferfolch oan jaan woe. "We hebben nu twee weekenden georganiseerd", sa lit organisator Eline van Diggelen witte. "Het bleek vorig jaar heel goed te werken, waardoor we het nu door wilden zetten. Dit weekend staan we in dit park en volgend weekend staan we aan de rand van het Leeuwarder bos."

Films dy't sjen litten wurde binne ûnder oare 'The Biggest Little Farm' en de bioskoophit 'Black Panther'.

Ferslachjouwer Jeroen Boersma yn gesprek mei Eline van Diggelen

(Advertinsje)
(Advertinsje)