Glêsfezel yn De Fryske Marren? Lêste kâns om oan te melden

Ynwenners fan De Fryske Marren kinne har noch ien dei oanmelde foar de oanlis fan glêsfezel. Achtentweintich doarpen hawwe al grien ljocht. Dêr komt it rappe ynternet hoe dan ek. Mar foar de oare doarpen spant it der noch om. As der net genôch minsken harren oanmelde, kin it finansjeel net út en giet it net troch.
Glêsfezel ynternet © Shutterstock.com
"Benammen yn de gruttere plakken is it wat lestiger, der binne ek mear hierhûzen, mar dy bewenners kinne ek meidwaan en miskien is it noch net by elk bekend", fertelt Jaap Bosma, ien fan de inisjatyfnimmers fan DFMopGlas.
Al fjouwer jier binne tal fan frijwilligers mei dit projekt dwaande. "In moai mienskipsprojekt. Op de lytse doarpen dêr't we ynformaasje jouwe, binne de minsken wol oertsjûge dat dit wêze moat."
Noch ien dei kinne belangstellenden har oanmelde. "Minsken moatte hjoed noch oan de bak, mar we sjogge nei de hiele gemeente oft der foldwaande dielname is. Ik tink wol dat goed komt."
De frijwilligers binne dizze sneon ûnder oare yn Bakhuzen en Terherne om te fertellen oer de oanlis fan glêsfezel yn de gemeente.
Jaap Bosma