Kollum: "Europeeske topsport op Thialf"

31 aug 2019 - 08:22

"It komt net al te faak foar dat je sport op hiel heech nivo live by jo yn de buert sjen kinne. Mei grut respekt foar wat alle sportivelingen dogge, hear. Mar Cambuur en It Hearrenfean binne no ienkear gjin Liverpool en Barcelona. Dat is gjin skande, mar in feit.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

Ferdinand de Jong

Dochs hoege jo hjoed en moarn Fryslân net út om Europeeske topsport te sjen. Je moatte even skeakelje, want wylst de mosken hjir dizze wike dea fan de dakken rûgelen, kamen der in oantal bussen mei topsporters oer de provinsjegrins. Se rieden nei iisstadion Thialf.

Op de lêste Olympyske Winterspullen wie Dútslân de grutte ferrassing. Nee, net by it langebaanriden, mar by de fluchste teamsport fan de wrâld. Hockey op it iis. De Dútske kompetysje is al jierren hiel sterk, de oanfal op de Skandinavyske topteams dy't tradysjetrou yn Europa de toan oanjoegen is dan ek ynsetten.

Yn Nederlân rinne wy kilometers achter by de Dútsers. Mar ien kear hat in Nederlânsk team dielnaam oan de Olympyske spullen, dat wie doe't Eric Heiden fiif kear goud wûn. De sportleafhawwer wit dan dat ik it oer Lake Placid 1980 ha. It Nederlânsk iishockeyteam helle doe trije punten, ien mear as de Bondsrepubliek Duitsland. Dat is no net mear foar te stellen.

De oandacht fan de media giet yn Nederlân earst nei fuotbal, dêrnei nochris nei fuotbal en dan komme der noch wat sporten lykas reedriden en hurdfytsen. En hockey op keunstgers. Ik bliuw dat nuver finen. We reedride alle poadiums fol oranje, yn fjildhockey binne we ek hiel goed. Mar de kombinaasje fan dy twa? Dat is in oar ferhaal.

Yn Dútslân is de oandacht foar iishockey troch it goede prestearjen fan harren nasjonale team grutter as ea. De heechste difyzje, de DEL, bestiet út 14 ploegen. Dêrûnder ha je de DEL2, ek mei 14 teams. Dan komt de saneamde Oberliga, dy't opsplitst is yn súd en noard. Pas op dat nivo fine je in team út Nederlân werom, Tilburg spilet al in oantal jierren yn de Oberliga Nord. In knappe prestaasje, mar noch altyd in stik leger as dat je wolle soenen.

Dit wykein binne trije teams út de heechste Dútse difyzje te gast op It Hearrenfean, en dat is bêst hiel bysûnder te neamen. Se spylje dêr in toernoai as tarieding op it nije hockeyseizoen, dat yn oktober wer begjinne sil. Tilburg is ek oanwêzich as dielnimmer. Op foarhân ha dy kwa nivo neat te sykjen tusken dizze Dútske teams, mar it is fansels prachtich om ris mei te meitsjen hoe heech dat nivo no werklik is.

Ik wit it, de neisimmer is yn folle gong, mar foar de echte sportleafhawwer is iisstadion Thialf dit wykein it plak om te wêzen. Je moatte it je sa foarstelle: Liverpool, Barcelona en Bayern komme op útnûging fan SC Hearrenfean nei Fryslân om in toernoai te spyljen. Jo hoege der net fier om te reizgjen, dizze kear is it net ergens yn de rânestêd, mar gewoan yn Fryslân. Dat liket my in bûtenkâns.

Boppedat ha je dan de kâns op mei eigen eagen te sjen hoe't de Dútske supporters mei harren klup omgean. Want ja, der wurde in soad fans ferwachte. Gesellich, mei bier en Bratwurst. Alles rint gewoan trochelkoar hinne, want sa wurket it mei iishockey. Hjoed om 17.00 begjint it. Moarn healwei twaen is de treastfinale en de finale begjint om fiif oere. In wykein Europeesk topnivo iishockey, gewoan op ús eigen Thialf."

(Advertinsje)
(Advertinsje)