Plysje lost warskôgingsskot yn Ljouwert om persoan mei mes oan te hâlden

31 aug 2019 - 07:57

De plysje hat freedtenacht yn de Franklinstrjitte yn Ljouwert in warskôgingsskot lost. De plysje socht nei in persoan dy't mei in mes swaaide.

Foto: CAMJO Media

Se sprutsen de persoan oan en fregen om it mes falle te litten. Neffens omstanners woe de persoan dat net loslitte en naaide er út. Doe hat de plysje sketten as warskôging.

De fertochte is arrestearre en de omjouwing is ôfset foar ûndersyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)