Oanfaller Juha Kiilholma is nijste oanwinst fan UNIS Flyers

Oanfaller Juha Kiilholma is nijste oanwinst fan UNIS Flyers. De Finske iishockyer komt oer fan de Poalske klup Unia Oswiecim en hat jierrenlang yn de heechste Finske kompetysje spile.
© UNIS Flyers
De 37-jierrige Kiilholma hat mear as 750 wedstriden spile yn de Liiga, it heechste nivo yn Finlân. Hy spile foar grutte ploegen lykas Ässät, Tappara, Kärpät, SaiPa en HPK.
Trainer Mike Nason is bliid mei syn nije oanfaller: "In onze zoektocht naar een derde import speler kwamen we terecht bij Juha. Hij heeft een grote carrière al gehad en staat bekend als een echte leider. Bovendien is hij een slimme, all-around teamspeler. Ik verwacht dat Juha een belangrijke schakel voor ons gaat worden."
Kiilholma is sels dúdlik wêrom't hy foar de Flyers kiest: "Ik was op zoek naar een nieuwe ervaring en verwacht deze bij UNIS Flyers te hebben gevonden. Ik kijk ernaar uit om mijn ervaring over te brengen op de jonge spelers. Naast plezier hebben, kom ik naar Nederland om prijzen te winnen," sa seit Kiilholma dy't in kontrakt foar 1 jier tekene hat.
De iishockeyers fan de UNIS Flyers begjinne it nije seizoen op freed 27 septimber mei in thúswedstriid tsjin Zoetermeer Panters.