"Soms is het superleuk en samba en mooi, maar het kan ook naïef zijn"

31 aug 2019 - 00:00

Cambuur wûn freedtejun mei 3-2 fan FC Den Bosch. De doelpunten kamen fan Jamie Jacobs en Robert Mühren. De oerwinning betsjut dat de Ljouwerters dit seizoen thús noch net ferlern ha en seis punten ha nei fjouwer wedstriden.

Sandor van der Heide, dy't troch de skorsing fan Henk de Jong as haadtrainer op de bank siet by Cambuur, hie de lêste minuten noch yn spanning op de bank sitten: "Ik ben blij, gelukkig, opgelucht, honderd procent ja."

Hy seach dat de Ljouwerters twa kear op foarsprong kamen, mar ek dat Den Bosch troch flaters fan Cambuur werom kamen yn de wedstriid: "We mogen wel iets meer hardheid hebben. Het zijn hele jonge jongens, en dan is het soms heel speels. Dat is superleuk en soms is het samba en dat is mooi, maar het kan soms heel naïef zijn. Soms moet je gewoon die punten over de streep trekken."

Middenfjilder Jamie Jacobs skoarde al nei fiif minuten. Hy tikke in foarset fan Kallon binnen. "Ik zag een speler van Den Bosch richting de bal gaan, dus ik dacht, het zekere voor het onzekere", laket hy.

Cambuur helle oant no ta seis punten út fjouwer wedstriiden. Jacobs fynt dat it noch better kin. "Als ik naar de groep kijk, is dit wel wat we minimaal uit vier wedstrijden moeten halen. We hadden wel gehoopt op meer, gezien het spel tegen NAC en De Graafschap."

Hy seach ek dat it spul tsjin Den Bosch minder wie as yn oare wedstriden. "We hebben niet zo goed gevoetbald als tegen Go Ahead en NAC, maar deze wedstrijden moet je ook winnen."

Robert Mühren makke alwer syn tredde en fjirde goal fan it seizoen. Opfallend is dat dêr trije strafskoppen by sitte. "Ik maak het liefst ook gewoon 25 penalty's in een jaar, dat interesseert me niet. Ik vind een penalty net zo lekker als een veldgoal, dat mag je best weten."

De spits seach dat Cambuur it duel hast noch út hannen joech: "Eigenlijk uit het niks valt die 1-1, en dan voel je dat we een klein beetje angstig worden. Na rust pakken we het dan weer op, maken we twee goals en geven we weer veel te makkelijk de 3-2 weg waardoor het op het einde nog spannend wordt. Daar moeten we nog aan werken. Dat moet niet mogen gebeuren."

Mei seis punten út fjouwer wedstriden is ek de oanfaller dik tefreden: "Het is jammer dat we vorige week niet meer hebben gekregen, dan hadden we er helemaal goed voorgestaan."

(Advertinsje)
(Advertinsje)