Man rydt mei auto tsjin beam
In man fan 40 jier út 'e Gordyk is sneontenacht swierferwûne rekke doe't er troch noch ûnbekende oarsaak mei syn auto tsjin in beam ried. Dat wie op de Hegedyk yn Langsweagen.
De man moast troch de brânwacht út de folslein fernielde auto helle wurde. Hy is mei in ambulânse nei it UMCG yn Grins brocht.