Grut part fan Hearrenfean sit sûnder wetter troch liedingbreuk: lek fûn

30 aug 2019 - 22:17

In grut part fan It Hearrenfean sit sûnt freedtejûn sûnder wetter. Troch in liedingbreuk is der yn in grut part fan it doarp gjin of lege wetterdruk.

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

Wetterbedriuw Vitens lit witte dat se op de hichte binne fan de problemen. De lokaasje fan de liedingbreuk is yntusken fûn. It wetterbedriuw tinkt freedtejûn de problemen noch oplosse te kinnen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)