Cambuur wint nei spannend duel fan FC Den Bosch

30 aug 2019 - 21:55

Sportklup Cambuur hat freedtejûn tsjin FC Den Bosch in oerwinning helle. Yn in spannend duel waard it 3-2 foar de Ljouwerters. Spits Robert Mühren wie de grutte man by Cambuur en skoarde twa kear.

Foto: www.orange-pictures.nl

Cambuur stie ûnder lieding fan assistint-trainer Sandor van der Heide, omt Henk de Jong ien wedstriid skorst wie nei syn reade kaart ferline wike tsjin NAC Breda. Van der Heide waard yn it begjin fan it duel tasongen troch it Ljouwerter publyk.

Henk de Jong siet op de tribune en seach dêr dat syn ploech in bliksemstart hie. Al nei 6 minuten waard der in foarset fan Issa Kallon fan rjochting feroare, wêrtroch't Jamie Jacobs de 1-0 meitsje koe.

Yn it ferfolch fan de earste helte gie it spul op en del. Benammen Mühren krige in pear kânskes foar Cambuur, mar ek Sonny Stevens, de keeper fan Cambuur, moast yn aksje komme. In hurde oertrêding fan Mitchell Paulissen levere him in giele kaart op.

Nei in lyts heal oere waard Den Bosch sterker, en stie it samar 1-1. Troch min ferdigenjen fan linksback David Sambissa, dy't tefolle romte fuort joech, koe de oanfierder fan Den Bosch Danny Verbeek de lykmakker binnen sjitte. Nettsjinsteande in goede kâns foar ferdigener Erik Schouten wie 1-1 ek de stân by it skoft.

Penalty bringt Cambuur foarsprong

Yn de twadde helte wie de earste grutte kâns foar FC Den Bosch. Rodrigues skeat de bal krekt oer nei in goede kombinaasje mei Paco van Moorsel. Den Bosch wie wat sterker, en it wie dúdlik dat de Ljouwerters de kreativiteit fan Robin Maulun, dy't net meidwaan koe troch in blessuere, misten.

It Cambuurpublyk woe in strafskop doe't Kallon ûnderút gie yn de sechstjin meter, mar skiedsrjochter Martin Pérez woe der neat fan witte. Efkes letter gie de bal wol op de stip, doe't Van Deelen troch Abdullahi nei de grûn gie. Robert Mühren makke gjin fout en sette Cambuur wer op foarsprong.

Spannende slotfaze

In pear minuten letter wie der in goede aksje fan ynfaller Oratmangoen, dy't de bal by de earste peal op Mühren spile. De spits út Volendam tikke binnen en makke der mei syn fjirde treffer fan it seizoen 3-1 fan.

De spanning kaam hielendal werom mei de oanslutingstreffer fan Den Bosch. David Sambissa seach der wer net goed út en lykas yn de earste helte wie it Danny Verbeek dy't dêrfan profitearje koe.

Fiif minuten foar tiid wie de wedstriid dien doe't Abdullahi syn twadde giele kaart krige foar in oertrêding op Kallon. De slotfaze wie hektysk, mar in doelpunt kaam der net mear en sa seach de nije boargemaster Sybrand Buma, dy't tegearre mei wethâlder Friso Douwstra oanwêzich wie by de wedstriid, dat de trije punten yn Ljouwert bleaune.

SC Cambuur - FC Den Bosch 3-2 (1-1). 6. Jamie Jacobs 1-0, 29. Danny Verbeek 1-1, 68. Robert Mühren 2-1, 71. Robert Mühren 3-1, 78. Danny Verbeek 3-2.

Opstelling Cambuur: Stevens; Sambissa, Schouten, Mac-Intosh, Van Deelen; Paulissen (88/Akoy), Jacobs, Hoedemakers; Korte (66/Oratmangoen), Mühren, Kallon.

(Advertinsje)
(Advertinsje)