Friezen kinne gjin potten brekke op EK Skeelerjen yn Pamplona

30 aug 2019 - 21:04

Op it Europeesk Kampioenskip Skeelerjen yn it Spaanske Pamplona wie der freed gjin Frysk sukses. Berber Vonk waard fiifde op de puntekoers, wylst Moniek Klijnstra fiifde waard op de 100 meter sprint.

Foto: Neeke Smit

De puntekoers gie oer tsien kilometer en waard wûn troch de Italiaanske Francesca Lollobrigida, dy't winterdeis ek aktyf is op redens. Maya de Jong kaam ek yn aksje yn de finale, sy waard achttjinde.

Ek de 100 meter sprint waard wûn troch in Italiaanse. Linda Rossi wie mei 10.977 de rapste. Klijnstra siet wol tichtby, mar mei in tiid fan 11.111 siet in medalje der net yn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)