Oranje Liuwinnen begjinne EK-kwalifikaasje mei flinke oerwinning op Estlân

30 aug 2019 - 20:05

De Oranje Liuwinnen fan bûnscoach Sarina Wiegman binne de kwalifikaasje foar it EK goed úteinset. Yn Tallinn waard it tsjin Estlân 7-0. Sherida Spitse fan Snits skoarde twa kear, beide kearen út in frije traap.

Foto: ANP

Yn july spile it Nederlânsk alvetal noch foar hast 60.000 taskôgers de WK-finale yn Lyon. Tsjin Estlân wiene de tribunes hast leech. Yn de earste helte koe Estlân it lang op 0-0 hâlde, mar nei hast in heal oere spyljen makke Vivianne Miedema der 1-0 fan. Dêrnei wie it dien mei it ferset fan de thúsploech.

Oranje hat maklike jûn

Trije minuten letter makke Jill Roord der 2-0 fan. Krekt foar it skoft makke Sherida Spitse der út in frije traap 3-0 fan. Fiif minuten nei it skoft wie it wer Spitse dy't in frije traap binnen skeat. Dêrnei rûn Nederlân troch goals fan Miedema, Bloodworth en Ellen Janssen fierder út.

Tiisdei spilet it team fan bûnscoach Sarina Wiegman de twadde kwalifikaasjewedstriid. Yn it Abe Lenstra Stadion is Turkije dan de tsjinstanner.

(Advertinsje)
(Advertinsje)