Winst foar De Vries en Hut

08 jul 2012 - 15:27

Elma de Vries hat sneon op in kurieuze wize de 6e skeelerwedstriid yn Almere wûn. Yn in spannende einsprint kaam De Vries as 2e oer de streek, efter ploechgenoate Brooke Lochland. De Australyske sprintster waard lykwols deklassearre nei it 3e plak fanwege hinderjen fan de tsjinstanner yn de lêste bocht. Sa gong De Vries, oarspronklik fan De Haule, mei de oerwinning nei hûs. It sulver wie foar de Belgise Nele Armée.

By de manlju wie de winst foar Willem Hut út Waskemar. Crispijn Ariëns fan Wolvegea waard 2e, Geert Plender út Kampen 3e

Ariëns giet noch altyd fier oan kop yn it algemien klassemint, folge troch Hut en Erwin Mesu. By de froulju stiet Hilde Goovaerts boppe-oan, folge troch Margo van de Merwe en Elma de Vries.

(advertinsje)