Sportstad Heerenveen nimt sportskoalle oer fan Fitland

30 aug 2019 - 19:48

Sportstad Heerenveen nimt mei yngong fan 1 septimber de sportskoalle fan Fitland op It Hearrenfean oer. It sportsintrum giet fierder as Fitnesscentrum Sportstad Heerenveen.

Foto: ANP

Yn juny waard bekend dat Basic-Fit de sportcentra fan Fitland oernommen hat. Yn de ôfrûne moannen die lykwols bliken dat de fyzje fan Sportstad en Basic-Fit net oerienkamen. Foar Sportstad Heerenveen wie dit de reden om it sportsintrum oer te nimmen en de eksploitaasje foar eigen rekken te nimmen.

Totaal sportstadkonsept

De oername fan it fitnesssintrum troch Sportstad Heerenveen past yn it totale sportstêdkonsept fan sport, soarch en ûnderwiis ûnder ien dak. "Wij willen meer bieden dan alleen het faciliteren van sport en bewegen", sa seit de algemien direkteur fan Sportstad Rinse Bleeker. "We bundelen de krachten van sportaanbieders, zorgverleners en onderwijsinstellingen voor een optimale begeleiding van het proces naar een gezonde levensstijl."

(Advertinsje)
(Advertinsje)