FIDEO: Fierljepster Anna-Jet Leyenaar yn oanrin nei it NK

30 aug 2019 - 19:30

Anna-Jet Leyenaar waard yn 2007 yn Vlist kampioen fan Nederlân by de froulju. De fierljepster út Drylts wie doe 14 jier. Twa jier letter pakte se har twadde NK titel yn Jaarsveld. Har winnende ôfstân fan 16.06 meter hat jierrenlang it NK-rekôr west by de froulju. Tsien jier nei har lêste titel docht se nei in tuskenstop fan acht jier wer mei oan in NK, en se is miskien wol dé outsider.

Oan it NK yn Zegveld dogge de bêste ljeppers fan it Frysk Ljeppers Boun (FLB) en de Polsstok Bond Holland (PBH) mei. De ljeppers binne kwalifisearre op basis fan it klassemint fan de eigen kompetysje yn kombinaasje mei it klassemint fan de nasjonale kompetysje.

Yn totaal 48 ljeppers stride om fiif gouden medaljes. De kategory senioaren bestiet út 16 dielnimmers. Alle oare kategoryen leverje 8 dielnimmers: de froulju, de junioaren, de jonges en de famkes.

Hollân komt mei 27 ljeppers oan de start, Fryslân mei 21 ljeppers meinimme.

Oantal dielnimmers NK Fierljeppen 2019

Hollân Fryslân
Senioaren 9 7
Froulju 5 3
Junioaren 5 3
Jonges 5 3
Famkes 3 5
Totaal 27 21
(Advertinsje)
(Advertinsje)