Gjin feroarings yn de basis by Hearrenfean dus wer gjin Daniel Høegh

30 aug 2019 - 19:12

Sportklup Hearrenfean begjint tsjin Fortuna Sittard mei deselde opstelling as ferline wike tsjin FC Twente. Dat betsjut dat Daniël Høegh op de bank begjint. De oanfierder fan ferline jier is werom fan in blessuere, mar neffens Hearrenfean-trainer Johnny Jansen is der gjin reden om wat te feroarjen. "Het staat nu goed achterin."

Johnny Jansen is bliid mei de komst fan Joey Veerman nei Hearrenfean. De 20-jierrige middenfjilder komt oer fan FC Volendam. "Joey kan echt lekker voetballen. Vanaf het middenveld met het spel voor zich. Hij is echt goed aan de bal. Dat kunnen we wel gebruiken."

'Toe aan de stap naar de eredivisie'

Veerman hie earder ek alris kontakt mei Hearrenfean, mar rekke doe lang blessearre. "Ik ben wel toe aan een stap naar de Eredivisie. Emmen had eerder ook al eens interesse, maar die transfer ging niet door. Toen kwam Heerenveen. Dat is natuurlijk een grotere club, dus ik ben blij dat die op het juiste moment kwamen."

Høegh rekke yn de lêste oefenwedstriid fan it seizoen blessearre. By de beloften spile hy wol wer in oere mei. Jansen: "Het is natuurlijk wel even lastig om hem dat uit te leggen. Daniël is echt een goeie jongen. Maar die snapt dit wel." Sintraal achteryn spylje no Ibrahim Dresevic en Sven Botman.

Ek Van Rhijn begjint op de bank

Ricardo van Rhijn begjint tsjin Fortuna Sittard sneon op de bank. Tsjin FC Twente begûn hy ek op de bank, mar foel hy yn it skoft yn. Hy ferfong doe Lucas Woudenberg. Jansen: "We kunnen Woudenberg na één mindere helft wel vervangen, maar dat wil ik niet. Zo'n trainer ben ik ook niet. Lucas mag het gewoon weer laten zien." Van Rhijn joech ferline wike oan dat hy stadichoan wer hielendal fit is en him foaral rjochtet op de rjochtsback-posysje.

Gerry Hamstra siket noch twa fersterkingen

Technysk manager Gerry Hamstra seit dat der foar de transferdeadline noch wol wat bart by Hearrenfean. "De laatste dagen is altijd spannend. Dat zie je de laatste dagen steeds meer. Wat dat betreft zijn we ook nu druk bezig." Hamstra hopet noch foar twa posysjes spilers te heljen. "We hebben gezegd dat we voorin en op het middenveld nog versterkingen zoeken. Dus daar zijn we nog druk mee bezig."

Opstelling Hearrenfean tsjin Fortuna Sittard: Hahn; Floranus, Dresevic, Botman, Woudenberg; Faik, Kongolo, Bruijn; Van Bergen, Odgaard, Ejuke.

- Anders Dreyer sit dizze kear wol op de bank. Ferline wike mocht hy noch net meidwaan. Ek oanwinst Joey Veerman begjint op de bank.

Hearrenfean tsjin Fortuna Sittard begjint sneontejûn om 18.30 oere en is live te folgjen by Omrop Fryslân radio mei kommentaar fan Roelof de Vries.

(Advertinsje)
(Advertinsje)