Balstjurrige mannen oppakt

Pepperspray
Twa mannen fan 18 en 19 jier út Warfstermole binne sneontenacht yn Kollumerpomp oanholden foar it riden ûnder ynfloed en foar balstjurrichheid. Plysjes seagen in auto riden wêrfan't de alarmljochten in pear kear oan en út giene. Dêrnei stoppe de auto op in parkearplak.
De plysje woe de 19-jierrige meinimme nei it buro foar in ademanalyze. De 18-jierige begûn him dermei te bemuoien en de plysjes stjoerden him fuort, mar hy bleau rekalsitrant en joech de plysjes in triuw.
De 19-jierrige besocht út te naaien mar koe nei in koarte achterfolging mei help fan pepperspray boeid wurde. Ek de 18-jierrige is oanholden. Beide binne oerbrocht nei it plysjeburo. Dêr die bliken dat de 19-jierrige, in begjinnend bestjoerder, tefolle dronken hie.