Nyck de Vries pakt pole-position op sirkwy fan Spa-Franchorchamps

30 aug 2019 - 18:58

Autokoereur Nyck de Vries út Twellingea wie freedtemiddei de rapste yn de kwalifikaasje op it sirkwy fan Spa-Francorchamps. Dêrom start hy sneon op pole-position yn de haadrace.

Foto: Redmer Terpstra

De 24-jierrige de Vries giet oan de lieding yn it algemien klassemint fan de Formule 2. Hy hat 200 punten, en dat binne der 34 mear as de Kanadees Nicholas Latifi. Latifi kaam yn de kwalifikaasje net fierder as it alfde plak.

De haadrace yn België giet sneon oer 25 ronden. Snein is der noch in sprintrace oer 18 rûntsjes. Ferline jier starte De Vries ek fan pole-position ôf yn België. Doe waard hy ek winner fan de haadrace. Latifi wûn ferline jier de sprintrace.

Nei de races yn België wurdt der de kommende wiken noch riden op de sirkwys fan Monza, Sotsji en Yas Marina.

(Advertinsje)
(Advertinsje)