Sofie Naziri: "Ik had het echt niet verwacht, maar ik ben echt superblij"

30 aug 2019 - 18:45

Sofie Naziri wûn freedtemiddei de Nationale Kinderprijs. Se hie it net ferwachte, en moast dan ek in bytsje gûle: "Mijn moeder moest ook een beetje huilen. Ik ben echt superblij."

Foto: Kindercorrespondent

De priis is foar bern en jongerein dy't ferskil meitsje. "Sofie sprong eruit omdat ze in heel Nederland met heel veel mensen sprak over het eenzaamheidsprobleem bij ouderen", seit sjueryfoarsitter Cees de Veer.

High Tea op Bennema State

Sofie wie mei njoggen oare bern nominearre. Se docht eltse wike spultsjes yn it pleatslike âldereintehûs Bennema State. Ien fan de ûnderdielen fan har priis is 1000 euro. Sofie wit wol wat se dêr mei dwaan wol. "Daar wil ik een high tea van organiseren op Bennema State."

Se mocht ek in speech hâlde: "Daarin heb ik mijn vriendin bedankt, omdat ze altijd meegaat naar Bennema State."

Sofie Naziri fertelt yn Weistra op Wei oer de priis

(Advertinsje)
(Advertinsje)