Ferbou stasjon Camminghabuorren giet nije faze yn

30 aug 2019 - 17:57

De renovaasje fan it treinstasjon Ljouwert Camminghabuorren is in nije faze yngien: in diel fan it perron is ôfset mei hekken, beammen binne kapt en in part fan de stiennen is derút helle.

In skoft lyn begûn de renovaasje fan it stasjon mei de oanpak fan de tunnel. De âlde graffity is ferfongen troch nije wurken fan graffitykeunstners. Tsjintwurdich is it in mjuks fan ôfbyldingen fan de natuer, fan treinreizgjen, bûtenierdske saken en de letters 'CAMMINGHABUREN'.

No wurdt ek de rest fan it stasjon oanpakt. De ferljochting moat better en it is de bedoeling dat der mear grien komt. It is de bedoeling om it stasjon in freonliker en feiliger oangesicht te jaan.

It wurk duorret noch oant oktober. Fytsers en fuotgongers moatte rekken hâlde mei wat opûnthâld, mar kinne it stasjon en de tunnel wol gewoan brûken bliuwe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)