Blog: Kribels

Op it momint fan skriuwen sit ik yn de parseseal fan Porrentruy, krekt oer de Frânsk-Switserske grins. Ik bin senuweftich. It is geweldich om hjir te wêzen, om dit mei te meitsjen en om hjir te wurkjen. Mar it soe noch fraaier wêze as ien fan de Friezen in etappe wint. En dat kin hjoed! Pieter Weening fielt him al de hiele wike goed en dit is in etappe dy't him leit. Boppedat hat er dizze etappe ferkend. En Lieuwe Westra fielt him ek goed. Hy hat net echt mear lêst fan syn heup en begjint wer wat moraal te krijen. Hy wol it hjoed besykje. Op momint fan skriuwen hat it krekt trije oer west. Weening sit mei. Noch net foaroan, mar toch.
Juster in moaie dei hân. Underoan de berch La Planche des Belles Filles. Wat in feest mei dy Harkiten dêr. De bruorren Weening, Eddy en Willem, en oare freonnen fan Pieter. Nei de tiid ynterviews dien en dit alles is moarn te sjen yn Boppeslach.
Mar no de fokus op de koers. Allez Pieter. Come on Lieuwe.
Twitter: @Roelofdevries83