Boargemaster Wassink wol evenemintebelied op Skylge tsjin it ljocht hâlde

Boargemaster Bert Wassink fan Skylge wol mei de gemeenteried en de eilanners kritysk sjen nei hoe't it eilân yn de takomst omgiet mei festivals. Oanlieding is de proseduere om de fergunningferliening hinne foar it dancefestival Eilân. De gemeente hie dêr in fergunning foar jûn, mar der kaam sa'n soad beswier tsjin dat de rjochter der oan te pas kaam.
Ferslachjouwer Maaike van der Hoek op Skylge
De rjochter hat in fergunning skorst omdat de gemeente dêr flaters mei makke hie. It is foar boargemaster Wassink reden om ris kritysk te sjen nei de takomst fan eveneminten op Skylge. Hy fynt dat sawol de gemeenteried as de eilanners dêr har sechje oer dwaan kinne moatte. "We moeten gaan praten over ons evenementenbelied. We hebben nu nog niet zo'n beleid, we hebben nu de afspraak dat de burgemeester toetst op openbare orde en veiligheid, maar je merkt toch wel dat de samenleving wat van dit evenement vindt. En wij proberen om dat in goede banen te gaan leiden."
Boargemaster Wassink oer it net trochgean fan Eilân