Vriend pakt titel seis dagen

08 jul 2012 - 14:44

Rudy Vriend út Schagen hat de einoerwinning fan de seis dagen Noordenveld-Wesyerkwartier op syn namme skreaun. Twadde waard Bram Verweij, tredde Glenn Clermonts. Bêste Fries wie Andries Weening fan 'e Harkema, dy't op it fyfde plak einige yn it einklassemint.

De finalerit sneon yn De Wylp wie in proai foar Lars Horring út Valthe. Sierk Jan de Haan út Dokkum waard twadde, folge troch Teake-Piet van der Werf út Dearsum. Coen Rijpma fan Aldeholtpea einige krekt nêst it poadium op it fjirde plakje.

(advertinsje)