Justysje wol fiif jier kontaktferbod Gordykster dy't eks stalkte en mishannele

30 aug 2019 - 16:59

Foar it stalken en mishanneljen fan syn eks-freondinne wurdt in healjier sel easke tsjin in 47-jierrige ynwenner fan De Gordyk. Dêrnjonken easket de offisier fan justysje seis moanne sel ûnder betingst en in kontakt- en lokaasjeferbod fan fiif jier.

Justysje - Foto: Shutterstock.com

Yn dy fiif jier mei de man op gjin inkelde wize kontakt sykje mei syn eks-freondinne, as it oan justysje leit. Hy mei ek net yn in straal fan 40 meter fan har wenning komme. Nei't de frou de relaasje septimber ferline jier beëinige hie, socht de Gordykster dochs hieltyd wer kontakt.

Dochs wer mailtsjes stjoere

Neffens him wie de relaasje 'pausearre' en net stilset. Nei in fysike konfrontaasje ein jannewaris krige er al in kontakt- en lokaasjeferbod. Nettsjinsteande dat ferbod stjoerde hy de frou dochs in pear mailtsjes. As de man de fout yngiet mei it kontakt- en lokaasjeferbod, dan moat er wat justysje oanbelanget twa wike de sel yn. Hy moat him ek behannelje litte, fynt de offisier fan justysje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)