Statushâlders oan it wurk by spuitbussefabryk Motip yn Wolvegea

30 aug 2019 - 16:45

Spuitbussefabryk Motip yn Wolvegea helpt statushâlders yn de gemeente Weststellingwerf oan in baan yn it fabryk. Motip wurket dêrfoar gear mei de gemeente en útstjoerburo Unique.

Spuitbussen - Foto: ANP

It fabryk hat lêst fan de krapte op de arbeidsmerk. It yn tsjinst nimmen fan asylsikers mei in ferbliuwsfergunning helpt om dat probleem op te lossen. De gemeente draacht de gadingmakkers foar. Se komme earst yn tsjinst by it útstjoerburo en krije in oplieding by it spuitbussefabryk. Dêrnei krije se in kontrakt foar ûnbegrinze tiid.

De minsken krije in persoanlik begelieder en ek les yn de Nederlânske taal. De gemeente, Motip en it útstjoerburo ha it projekt yn earsten opset foar statushâlders, mar sizze dat ek oare gadingmakkers yn it trajekt passe.

Trefwurden: 
Wolvegea statushâlders Motip
(Advertinsje)
(Advertinsje)