Sofie Neziri (10) fan Hurdegaryp wint earste Nationale Kinderprijs

30 aug 2019 - 16:23

De 10-jierrige Sofie Neziri fan Hurdegaryp hat de earste Nationale Kinderprijs wûn. De priis is foar bern en jongerein dy't ferskil meitsje. "Sofie sprong eruit omdat ze in heel Nederland met heel veel mensen sprak over het eenzaamheidsprobleem bij ouderen", seit sjueryfoarsitter Cees de Veer.

Foto: Kindercorrespondent

Sofie wie mei njoggen oare bern nominearre. Se docht eltse wike spultsjes yn it pleatslike âldereintehûs. Se skreau ek in brief nei minister Hugo de Jonge fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport, wêryn't se fertelt dat se it wichtich fynt dat mear minsken har ynsette foar de âlderein. "Dat vonden we zo fantastisch. Daarom vonden we: zij moet winnen", seit De Veer. "Maar alle genomineerden zijn allemaal kinderen die heel leuke initiatieven genomen. Ze hebben echt wat gedaan, dat was het belangrijkste criterium."

Sofie sels oer har ynset foar de âlderein: "Ik vind het heel zielig dat ouderen eenzaam zijn. Het zou mooi zijn als meer mensen op bezoek gaan of een spelletje doen."

Emosjoneel

De jonge winneres fan de priis wie hiel emosjoneel doe't se bekend waard dat sy de priis wûn. "Ze schoot helemaal vol", fertelt De Veer. "De tranen sprongen in haar ogen. Ze had het helemaal niet verwacht. Mama moest ook even naar voren komen om te knuffelen."

1.000 euro

Omdat se wûn hat, mei Sofie in taspraak hâlde op in belangryk momint. "Of dat bijvoorbeeld in de Tweede Kamer is, dat weten we nog niet", seit De Veer. "Dat regelen we in overleg met haar."

Sofie krijt ek 1.000 euro te besteegjen foar it doel dêr't se har foar ynset. De priis waard útrikt yn Utrecht troch de steatssekretaris fan Definsje, Barbara Visser.

Cees de Veer

Tsientallen bern hiene harren oanmeld om kâns te meitsjen op de priis. Ut alle ynskriuwingen hie de sjuery in top 10 keazen. De winner krijt de Nationale Cees de Veer Kinderprijs. Dy is ferneamd nei luitenant-generaal bûten tsjinst Cees de Veer. Hy fynt it wichtich dat de jongerein belutsen wurdt by de tema's frede en frijheid.

(advertinsje)
(advertinsje)