Aldeboarn makket him klear foar de 74e Gondelfeart

30 aug 2019 - 16:23

Nei moannen fan plannen betinke en gondels bouwe, is it dan freed einlings wer safier: de 74e edysje fan de Gondelfeart yn it wetter fan de Boarn yn Aldeboarn. De Gondelfeart lûkt jierliks sa'n 10.000 minsken. Om 17.00 oere is de lytse optocht en om 21.00 oere de grutte. Der dogge dit jier trettjin gondels mei.

Minsken komme spesjaal foar de Gondelfeart werom nei Aldeboarn. Studinten of âld-Boarnsters. Bestjoerslid Ingrid Riemersma wennet oan de rûte fan de Boarn en begrypt dat wol. ""Ik tink dat dat komt omdat we dit mei inoar dogge en dat makket it gesellich. It bouwen en de buorrel nei de tiid. It meiinoar dwaan en nei dat hichtepunt tawurkje. En dan sneon de priisútrikking, dat is allegear de muoite wurdich om mei te dwaan." Je moatte it wol echt leuk fine. "Ik bin grutsk dat in doarp fan 1500 minsken in Gondelfeart organisearje kin dy't 10.000 minsken lûkt."

Gondel fan jongerein yn Aldeboarn - Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

Gondelfeart

Der wurde altyd twa edysjes fearn. Om 17.00 oere is de earste optocht foar de lytsere bern en om 21.00 oere is de grutte optocht. It wurdt dan al wat tsjuster en dat makket it smûk. "Dit is in hiele serieuze saak", seit bestjoersfoarsitter Johannes Nijdam. "Dat sjogge je wol oan de minsken dy't hjir moarns foar 8 oere harren stuoltsjes al delsette oan de rûte."

Ferslachjouwer Lennie Bronsveld praat mei Ingrid Riemersma yn Aldeboarn

Tariedings

"Yn maart begjinne de earste gearkomsten." Dan wurde de plannen betocht. "Yn april en maaie begjinne se dan te bouwen en yn juny binne se wol twa of trije dagen wyks dwaande mei bouwen. De bouploegen krije allegear in startbudzjet fan de organisaasje en dêr moatte se it mei dwaan, mar der binne ek wol ploegen dy't der noch eigen jild yn stekke of ynvestearders sykje."

Sjuery

Alle jierren kinne minsken prizen winne mei de gondels. Neffens Nijdam bestiet de sjuery út in ferskaat oan minsken. "Der sit in boukundige en in arsjitekt yn, mar ek ien út 'e teäterwrâld." Uteinlik giet it fansels om it skyld, dy't wûn wurde kin troch de buert dy't op alle ûnderdielen (winner buertjûn, winner fan de buertfersiering, winnende gondel en winner buertkamp) meiïnoar it bêste skoart. Dat hinget dan oan de wenning earne yn Aldeboarn."

Ferslachjouwer Lennie Bronsveld yn Aldeboarn (diel 2)

Ferslachjouwer Lennie Bronsveld praat mei gondelbouwer Djurre van der Woude

(Advertinsje)
(Advertinsje)