Kitesurfers Koarnwertersân moatte ynskikke foar oanlis Wynpark Fryslân

30 aug 2019 - 15:57

Kitesurfers kinne fan nije wike ôf net mear parkearje by it populêre kitestrân by Koarnwertersân. Oanlieding is de oanlis fan de grutte stroomkabel foar Wynpark Fryslân yn de Iselmar, dy't takom wike úteinset.

Koarnwertersân wynpark

Koarnwertersân is foar kitesurfers in toplokaasje. Omdat de mar dêr net djip is en de wyn je altyd werombringt nei de dyk kin der hast neat misgean. Mar fan nije wike ôf moatte de kitesurfers ynskikke. In gersfjild wurdt boulokaasje foar Wynpark Fryslân en parkearje flakby it strân kin dan ek net mear.

De minsken fan it Wynpark ynformearren freed de foaral Dútske kitesurfers mei in smoothie en wat lekkers derby. Sy bliuwe wolkom op it strân, mar moatte de auto tenei fierderop parkearje by it Waadsintrum by de Ofslútdyk.

Swiere stroomkabel wichtich

Foar Wynpark Fryslân is de oanlis fan in swiere stroomkabel nei de mar in wichtige basisfoarsjenning. Fan 2020 ôf komme midden yn de mar by Breesândyk 89 wynturbines te stean, dy't mei-inoar sa'n 380 megawatt produsearje sille. De mûnen komme op sa'n 6 kilometer fan Koarnwertersân. De kitesurfers sille der sadwaande net folle lêst fan hawwe, mar moatte de kommende tiid wol ynskikke.

Sandra Groenendal fan Wynpark Fryslân

Harkje nei de reaksje fan in Dútse kitesurfer

(Advertinsje)
(Advertinsje)