"Joey Veerman is de beste voetballer van de Keuken Kampioen Divisie"

30 aug 2019 - 15:48

SC Hearrenfean hat middenfjilder Joey Veerman oanlutsen. De talintfolle middenfjilder komt oer fan FC Volendam en hat in kontrakt tekene foar trije seizoenen mei in opsje foar noch ien jier.

Veerman komt út de jeugdoplieding fan FC Volendam en makke op 17-jierrige leeftiid syn debút yn it betelle fuotbal. Hy wie dêrnei twa seizoenen basisspiler by it "oare Oranje". Ferline seizoen kaam hy fanwegen in swiere knibbelblessuere amper oan spyljen ta. Yn totaal kaam de middenfjilder 79 kear út foar Volendam en hy wie dêryn goed foar 12 doelpunten.

Nei trije seizoenen makket Veerman no de oerstap nei SC Hearrenfean. Technysk manager Gerry Hamstra is bliid mei syn komst. "We volgen hem al langere tijd en kennen zijn kwaliteiten. Joey is technisch vaardig, heeft een goed inzicht en kan zich bij ons uitstekend ontwikkelen."

Neffens FOX-analist Kees Kwakman hat Hearrenfean in grut talint binnenhelle. "Joey Veerman is de beste voetballer van de Keuken Kampioen Divisie", sei er ôfrûne wykein by Fox Sports.

Hamstra wie lang skeptysk

Veerman stiet al hiel lang op 'e skoutingslistjes by SC Hearrenfean. Meardere kearen waard der oer him praat. De skouting wie posityf, mar Hamstra hat lang twivels hân. Hy fûn Veerman te "monotoon" fuotbaljen. Veerman soe alles yn itselde tempo dwaan en gjin fersnelling hawwe.

Foto: www.orange-pictures.nl

Hamstra fynt dat Veerman him de lêste tiid goed ûntwikkele hat. "Hij is vorig seizoen lang geblesseerd geweest, maar je ziet dat hij goed is teruggekomen. Hij oogt fit en is goed aan de competitie begonnen. Het is ook vaak een kwestie van timing en nu is het moment daar."

In pear jier ferlyn wie Veerman noch yn it besit fan in jeugdkontrakt, no moat Hearrenfean in flinke transfersom betelje. Hoefolle de Feansters betelje, is net bekend.

Soad ynteresse

Volendam hat de ôfrûne perioade meardere kearen besocht it kontrakt fan Veerman te ferlingjen, mar dêr woe de middenfjilder net op yngean. Veerman woe graach de stap meitsje nei de earedifyzje. Neffens ferskate media hienen FC Twente en FC Utrecht ek ynteresse yn Veerman. FC Emmen hat ôfrûne simmer noch besocht Veerman oer te nimmen, mar hikte oan tsjin de flinke transfersom.

(Advertinsje)
(Advertinsje)