Twa froulju begjinne hast oan 'Rammelbakkenreis' foar goed doel

Bianca Wijnsma begjint hast mei har buorfou oan de Rammelbakkenreis. Yn sân dagen reizgje sy fan Breda nei Boedapest yn Hongarije. Dat dogge sy yn in âld barrel dat maksimaal 750 euro wêze mei. Mei de reis wolle se jild ophelje foar in goed doel.
Pleechfamylje
"Us goede doel is de famylje út Sint-Jabik dy't yn april har hûs kwytrekke troch brân. Yn dat hûs wenne in famylje mei 14 pleechbern. Wy ha der doe west en hearden har ferhaal heard, It is hiel tryst, alles is fuort, de sliepkeamers mei Playmobil en de poppen", fertelt Bianca Wijnsma freed by Noardewyn Live.
De mem fan de famylje wie ûnderfersekere en krige fuort nei de brân in soad praktyske help mei klean en boartersguod. Mar der is noch in soad jild nedich.
Wouter de Groot is ien fan de bern fan de húshâlding. It giet wol goed mei him en de famylje. "We hebben allemaal een plek waar we kunnen verblijven tot er weer wat staat, op een mooie locatie in eigen dorp. Dat kwam goed uit. We zijn allemaal bij elkaar, wat nog een hele uitdaging is. Want anders hadden we niet alleen ons huis verloren, maar ook nog eens elkaar."
De famylje kin benammen noch jild brûke, hoefolle is lestich te sizzen. "We zijn nu bezig om alle zaken op orde te krijgen en willen zo snel mogelijk een eigen huis opbouwen. Het huis is nu gesloopt. Er is een gapend in het dorp waar het stond. Dat is heel apart."
Minsken kinne de race folgje fia Facebook, dêr stiet ek hoe't minsken jild jaan kinne. Alle dagen sille de froulju in filmke fan in minút oer har reis pleatse.
© De wenning yn Sint-Jabik