CDA wol griene abrys mei planten derop yn Ljouwert

It CDA yn de gemeente Ljouwert wol dat de bushokjes griene dakken krije mei planten der boppe-op.
Yn Utrecht ha se al 300 fan sokke bushokjes © ANP
Sokke dakken biede foardielen, seit de partij. It fangt it reinwetter op, it lûkt ealjebijen en oare ynsekten oan en it ferwurket fynstof. "Just yn in stedske omjouwing as Ljouwert moatte je soargje foar bettere ôffier fan wetter en skjinnere loft", seit riedslid Aaltsje Meinderts.
Yn Utrecht ha se al 300 fan sokke bushokjes. No wol it CDA ûndersykje oft it yn Ljouwert ek mooglik is.