Elektryske Carver moat it ferfiermiddel foar koarte ôfstannen wurde

30 aug 2019 - 14:37

Yn Ljouwert binne freed de earste trije 'Carvers' levere oan de klanten. De Carver is in soarte fan elektryske scooter, mar mei it komfort fan in auto. Dus oerdutsen, in stoel, in autostjoer en in muzykje. Alles sit der yn. As it oan de makkers leit, wurdt dit it ferfiermiddel foar de stêd en de koartere ôfstân.

De nije útfining hat in aksjeradius fan sa'n 75 oant 100 kilometer, ôfhinklik fan de snelheid dêr't de brûker mei rydt en hoe bot hy de radio brûkt. Neffens direkteur Anton Rosier is der foar it ferfier fan de takomst in nije wize fan tinken nedich. Autofabrikanten meitsje eins tradisjonele auto's, mar no elektrysk. En itselde jildt foar de fyts dy't elektrysk wurdt.

De Carver stiet dêr los fan en hat in folslein eigen konsept. De betinkers tinke dat de Carver foar in hiel soad minsken geskikt is fan jong oant âld en foar profesjoneel ferfier oant priveegebrûk. Hy kin oerol parkeard wurde en in brommerrydbewiis is genôch om der mei de dyk op te meien.

Idee is al 25 jier âld

De Carver is betocht troch útfiner en ûntwerper Chris van den Brink. It idee is al sa'n 25 jier âld. Mar no pas wurdt hy echt yn produksje naam. Neffens Van den Brink wie it dreechste oan syn útfining om de kanteling fan in scooter en de motor oer te bringen nei in stabyl ferfiermiddel. Auto's mei trije tsjillen dy't al besteane kantelje net.

Direkteur Anton Rosier (l) en útfiner Chris van den Brink by de Carver - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Carver hopet de kommende jierren tûzenen fan it nije ferfiermiddel te ferkeapjen yn Nederlân en oer de grinzen. De Carver kostet sa'n 9.000 euro.

Foar de finansiering fan it projekt is ûnder oare jild beskikber steld troch de Noordelijke Ontwikkelings Maatschappij (NOM) en de Friese Ontwikkelingsmaatschappij (FOM).

(Advertinsje)
(Advertinsje)