Frysk bedriuw bout ien fan de heechste reuzerêden fan de wrâld

In moaie opdracht foar reuzerêdbouwer Mondial fan Terbant, by It Hearrenfean: it bedriuw is dwaande mei it bouwen fan ien fan de heechste reuzerêden fan de wrâld. Dy komt yn Londen te stean. In flinke put foar de Feansters, fertelt direkteur Sibbele Douma.
© Omrop Fryslân
"Wy bouwe al tsientallen jierren sokke reuzerêden en sa kamen de minsken by ús út. Wy binne bekend yn dy wrâld." Hokker partijen oft der krekt by belutsen binne, lit Douma him net bot oer út. Oer de lokaasje kin er lykwols wol mear fertelle. "Bedoeling is dat it reuzerêd mei de krystmerk yn Hyde Park yn Londen komt te stean."
De krystmerk yn Hyde Park is de grutste en bekendste fan London. "Wy binne dan ek út de skroeven mei dizze opdracht en hawwe in soad oerlein om dit projekt troch te setten."
© Mondial
It reuzerêd wurdt 70 meter heech en hat 48 gondels. "Der stiet inselde masine yn Parys, dy't ek boud is troch ús." Douma fertelt dat it in yngewikkelde masine is om te meitsjen. "Der komme ek nochal wat keuringen by te sjen. Wy hawwe in oantal deadlines, mar wy stribje dernei dat it reuzerêd om de krystperioade hinne der echt wol stiet."

Planning

Op it stuit is Mondial dwaande mei it opbouwen fan it reuzerêd. "It is altyd spannend om it dêr op tiid te krijen. Wy moatte noch in soad ynstellingen en keuringen útfiere. Nije wike komme de speaken deryn en dan is de sirkel fan it rêd sichtber, dan komme de gondels deryn en dan begjinne wy mei it testen en dêr binne we dochs wol in oantal wiken mei dwaande."
Wy wienen hielendal út de skroeven.
Sibbele Douma, direkteur Mondial

London Eye

Yn Londen stiet ek al in hiel grut reuzerêd, dy fan de Londen Eye. "Dy fan ús is hiel oars. London Eye is in fêste masine en stiet dus op ien plak. Dy fan ús is spesjaal boud om ferfierd te wurden. Hy is transportabel.

Brexit

Handel mei Ingelân betsjut dat je ek rekken hâlde moatte mei de Brexit. "Ja, dat is ien fan de hobbeltsjes, dy't wy meiïnoar nimme moatte. Gjinien wit hoe't it krekt komt mei de Brexit. Wy wolle in goeie masine bouwe dy't goed is en test is. Dat is foar ús it belangrykste, dat de klant der mei út de fuotten kin, dus dêr leit ús fokus. Boppedat tink ik dat je je ek net tefolle liede litte moatte troch de polityk," beslút Douma.
Direkteur Sibbele Douma oer it reuzerêd