Fermiste jonge mei twitter fûn

08 jul 2012 - 13:31
Twitter - Foto: ANP XTRA

In 12-jierrige jonge út Himmelum dy't sneon fermist waard, is mei help fan twitter wer weromfûn. De jonge wie sneontemiddei fan hûs gien mar net wer thúskommen. Omtrint 11 oere jûns wie troch de buertagint in twitterberjocht ferspraat dêr't it publyk yn oproppen waard om nei de jonge út te sjen.

In ynwenster fan Balk ûntfong it berjocht en seach de jonge troch Balk rinnen. Se spruts him oan en hat him mei yn 'e hûs nommen. Nei't it thúsfront fan de 12-jierrige op 'e hichte brocht wie, is er nei hûs brocht.

Trefwurden: 
fermist Twitter Himmelum
(Advertinsje)
(Advertinsje)