Freedsmerk: "Drugs? Jou it mar frij, jenever kinst ek oeral krije"

30 aug 2019 - 14:17

"Drugs? Jou it mar frij. As jo twa liter jenever opdrinke wolle dan dogge jo dat. Net in minske dy't jo dat ferbiedt. Doch dat mei de drugs ek mar. Dêr losse jo alle kriminaliteiten mei op!" Dat wie ien fan de útsprutsen mieningen op de Ljouwerter freedsmerk.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De measten woene wol in ûnderskied meitsje tusken hard- en softdrugs. "Lit dy weed mar frij, mar de harddrugs, dêr moatte jo boppe-op sitte!"

Of sa't in oar it útdrukte: "Dy rotsekken moatte jo oppakke en noait wer loslitte!"

Lykwols wie ek foar in soad minsken de konklúzje dat it in kwealik op te lossen probleem is: "It is te fier hinne." "De boven- en onderwereld zijn te veel vermengd."

René Koster wie op de freedsmerk

Trefwurden: 
Ljouwert freedsmerk drugs
(advertinsje)
(advertinsje)