Hearrenfeanspiler Floranus oproppen foar EK-kwalifikaasjewedstriid Jong Oranje

Bûnscoach Erwin van de Looi fan Jong Oranje hat Hearrenfeanspiler Sherel Floranus selektearre foar de EK-kwalifikaasjewedstriid tsjin Jong Syprus.
Sherel Floranus tsjin Feyenoord © www.orange-pictures.nl
De rjochtsback is de iennige spiler fan Hearrenfean yn de seleksje fan Van de Looi.
It duel tsjin de Syprioaten is de earste wedstriid foar Jong Oranje yn de kwalifikaasjerige foar it EK 2021 yn Hongarije en Slovenië. Jong Nederlân - Jong Syprus is op 10 septimber yn Doetinchem.
Yn totaal dogge der sechstjin lannen mei oan it EK yn Hongarije en Slovenië.