Arends pleatst him foar finale challengertoernoai op Mallorca

30 aug 2019 - 14:03

Tennisser Sander Arends fan Ljouwert stiet yn de dûbeldfinale fan it challengertoernoai yn Manacor op it Spaanske eilân Mallorca. Mei syn maat David Pel wûn er yn de heale finale fan it Rafa Nadal Open mei 6-4 7-6 (6) fan Luis David Martínez (Fenezuëla) en Felipe Meligeni Alves (Brazilië).

Foto: www.orange-pictures.nl

De earste set gie lang lykop op it hardcourt fan Manacor. Oant 5-4 yn it foardiel fan Arends en Pel wiene der gjin breaks. Op 30-40 krigen de twa Nederlanners harren earste setpoint en de sloegen direkt ta.

Yn de twadde set ferlearen Arends en Pel al gau harren opslach. Lang holden de Fenezolaan en de Braziliaan dy break fêst, mar se koene de set net útservearje op 5-4. Doe brutsen Arends en Pel werom. Yn de tie-break wie it raak op it twadde matchpoint.

De tsjinstanners yn de finale binne noch net bekend. Letter op freed is de twadde heale finale.

Trefwurden: 
Sander Arends tennis Manacor
(Advertinsje)
(Advertinsje)