Stiennen Man sintraal yn stik

De Stiennen Man yn Harns, stedhâlder Caspar de Robles, stiet sintraal yn in nije grutte muzikale foarstelling fan it Fries Fanfare Orkest. Dy foarstelling wurdt takom jier april tsien kear opfierd yn de iepenloft yn ûnder oaren Harns, Ljouwert en Starum. By de muzyk wurde bylden en teksten op in grut skerm projektearre. De komposysje wurdt dien troch Frans Vermeerssen.
It initsjatyf komt fan de stichting Het Filmverhaal. Dy stichting hat as doel om ferhalen te fertellen oer de skiednis fan Noard-Nederlân. It hiele projekt kostet 60.000 euro.
It Prins Bernhard Cultuurfonds jout in bedrach fan 10.000 euro.