Boargemaster Wassink fan Skylge hie beslút rjochter oer festival Eilân net ferwachte

30 aug 2019 - 14:02

De gemeente Skylge hat freedtemoarn oerlis hân oer it festival Eilân. Dat festival soe oer twa wiken úteinsette moatte, mar de rjochter sette dêr tongersdei in streek troch, want der binne flaters makke by de fergunningsprosedueren. De evenemintefergunning is skorst en de opbou fan it festival ferbean.

Foto: Omrop Fryslân

Boargemaster Bert Wassink fan Skylge hie it beslút fan de rjochter net ferwachte. "Dat had ik zeker niet verwacht, want ik vind dat we het op zich goed genoeg voorbereid hadden. Maar het is in Nederland zo, dat als een rechter een uitspraak doet, dan heb je het daar mee te doen. Dat is de situatie en dat vind ik heel vervelend voor iedereen. Voor degenen die het organiseren, voor de mensen die er bezwaren tegen hebben en ook voor de mensen die hier naartoe denken te komen. De onzekerheid duurt voort."

Wassink sjocht noch wol mooglikheden foar it trochgean fan it festival, ek al binne der problemen mei de omjouwingsfergunning. "De geconstateerde gebreken van de rechtbank zullen we zo goed en zorgvuldig mogelijk proberen te herstellen. Het is wel kort dag, we hebben als college vanmorgen wat dingen in werking gezet. Het gaat bij die omgevingsvergunning ook om ecologisch onderzoek en de toetsing daarvan door de provincie. Ik heb ook contact gehad met de provincie om daarover op zijn minst mee te denken."

De boargemaster hopet dat der begjin nije wike "totale duidelijkheid" wêze sil.

Boargemaster Bert Wassink fan Skylge

Trefwurden: 
Skylge Bert Wassink eilân
(Advertinsje)
(Advertinsje)