Keunstwurk dobbehynders is der nei 13 jier dochs kaam, freed presintaasje

30 aug 2019 - 13:22

Trettjin jier neidat Marrum ynternasjonaal yn it nijs kaam omdat by it doarp in groep hynders op in dobbe yn see stie, wurdt yn it bûtendykse Noarderleech in keunstwurk presintearre dat dêroer giet. It stiet oan in kuierpaad, dat oanlein is nei oanlieding fan it ferhaal fan de hynders. De offisjele ûntbleating fan it keunstwurk is freed.

Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek

It hat it hiel skoft duorre foar't it monumint der kommen is, want "soks kostet in pear sinten en dat koe doarpsbelang net lûke", seit Piet Osinga fan Doarpsbelang Marrum-Westernijtsjerk. "Gelokkich kaam Joop Mulder mei syn ferhalen oer de Waadkust. Wy seine: 'no moatte wy derby wêze, want dit past der presys by.' Doe is it baltsje begûn te rôljen en no is it klear."

It keunstwurk is makke troch Marcel van Luit. It bestiet út in foto fan de rêding fan de hynders dy't op in stik rustfrij stiel projektearre is. It liket op it wetter te driuwen.

Nei al dy jierren is de rêding fan de hynders troch de amazônes gjin ûnderwerp fan petear mear yn it doap, fertelt Osinga. "Mar as jo minsken hjir op de seedyk treffe, dan moatte se it altyd even oer de hynders hawwe."

Piet Osinga oer it keunstwurk fan de dobbehynders

Foto: ANP

Osinga hat der persoanlik ek mei te krijen hân. Nei't de hynders fan it terrein fan It Fryske Gea ôf kaam binne, kamen se op syn lân telâne. Se hiene it net oankommen sjoen dat sa mâl gean soe mei de hynders. "It kaam ûnferwachts dy nachts", seit er ferwizend nei it hege wetter dat de hynders op de dobbe ynsleat. "It kin altyd wer gebeure, al binne der yn de tuskentiid wol maatregels naam, lykas flechtwegen foar it fee. Ik pachtsje ek in stik lân achterdyk. Wy wurde as pachters troch in e-mail fan Rykswettersteat op de hichte brocht as der heech wetter ferwachte wurdt."

Foto: ANP

Osinga ferwachtet net dat it monumint in drokke toeristyske hotspot wurdt. "It is mear foar minsken dy't de rêst en de romte meimeitsje wolle. Dy kinne moai it rûntsje kuierje fan 7 km, oer de simmerdyk tusken de pôlen en de simmerpolder. Se kinne ek gewoan fan de seedyk nei de dobbe rinne. Dat is gâns koarter, in lytse kilometer." De kuierrûte is net tagonklik yn it briedseizoen.

Foto: ANP

Osinga tinkt net dat der op de iepening in soad bûtenlanske parse ôfkomt. "Dêr moatte jo mar net op rekkenje. Om myn part bliuwt it lekker rêstich. Wy hâlde fan rêst yn de streek. Mar doe wie it wol hiel spesjaal."

Nei de skiep seach gjinien om

It feit dat it om hynders yn need gie, ferklearre de grutte belangstelling, wit Osinga. "Trijehûndert of fjouwerhûndert meter fierderop stiene 75 skiep. Dêr hat net in mins nei taald. Hynders binne edele dieren. Dêr hawwe minsken in bining mei. Dat is dochs wat oars as it oare fee. Sa is it no ienkear."

(Advertinsje)
(Advertinsje)