Boargemaster Buma slút twa drugswenten yn Ljouwert

30 aug 2019 - 13:02

Boargemaster Sybrand Buma fan de gemeente Ljouwert hat freed twa drugswenten yn Ljouwert slute litten. It giet om in hûs oan de Vletstrjitte en oan de Bordinewei. Yn de wenning oan de Vletstrjitte hie de plysje begjin juny dit jier 6,9 gram MDMA oantroffen en 314 gram GHB oantroffen.

Foto: ANP XTRA

Dêrneist waarden der ek grûnstoffen oantroffen foar de produksje fan GHB. Yn de wenning oan de Bordinewei hie de plysje ein juny in himpkwekerij oantroffen mei 239 planten. Fierder fûn de plysje dêr 940 gram oan himptoppen.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert himp GHB MDMA
(advertinsje)
(advertinsje)