Pealtsjes op tsjerkhôf Wetsens lang om let fuorthelle

30 aug 2019 - 12:15

De 389 pealtsjes op it tsjerkhôf fan Wetsens binne fuort. De PKN-organisaasje fan Dokkum, Ealsum en Wetsens hie se der delset om yn kaart te bringen hokker grêf op hokker plak leit. In protte minsken wiene der net bliid mei: se fûnen it gjin gesicht.

Ferline wike waard bekend dat der in oplossing fûn wie. Se wurde tenei ûndergrûnsk detektearre. Om dat foar elkoar te krijen duorret in pear wiken.

Trefwurden: 
Wetsens tsjerkhôf pealtsjes
(Advertinsje)
(Advertinsje)