SC Cambuur grypt neist Crysencio Summerville

Crysencio Summerville spilet dit seizoen net foar SC Cambuur, mar wurdt troch Feyenoord ferhierd oan ADO Den Haag. Dat is in behoarlike streek troch de rekken fan de Ljouwerters.
© www.orangepictures.nl
Technysk manager Foeke Booy fan Cambuur hat der nea in geheim fan makke dat hy de fleugeloanfaller graach kommen seach. De Ljouwerter klup hat no noch fjouwer dagen om in alternatyf te heljen.
Summerville komt út de eigen jeugdoplieding fan de Rotterdammers. It ôfrûne seizoen waard hy foar in heal jier ferhierd oan FC Dordrecht. Dêr wie hy mei fiif doelpunten en ien assist yn achttjin wedstriden in wichtige fersterking. Summerville hat noch in kontrakt yn De Kuip oant heal 2021.