Boargemaster Apotheker slút wenning yn Wierum om drugs

30 aug 2019 - 11:59

Boargemaster Hayo Apotheker fan Noardeast-Fryslân hat freed yn Wierum in drugspân sletten. Yn de wenning oan it Skuonmakkerspaad trof de plysje heal july dit jier in himpkwekerij mei 228 planten oan.

Foto: Omrop Fryslân

De wenning is fersegele en bliuwt de kommende trije moannen op slot.

It wie net de earste kear dat de wenning sletten waard. Yn 2015 waard op deselde lokaasje harddrugs en produksjemateriaal foar GHB oantroffen.

(advertinsje)
(advertinsje)